Legere selstraf foar moardner

© Omrop Fryslân
It hôf yn Ljouwert hat in Antilliaan (24) út Ljouwert tsien jier sel en tbs mei twangferpleging oplein. De man wie ferline jier belutsen by trije sjitpartijen yn Ljouwert. By ien dêrfan waard in Antilliaan (19) fermoarde. Yn jannewaris wie tolve jier sel en tbs mei twangferpleging oplein.
In twadde dieder waard al feroardiele ta 18 jier sel. Hy gie net yn heger berop.