Grutter wurkgebiet foar Hôf

14 sep 2004 - 11:25

It wurkgebiet fan it gerjochtshôf yn Ljouwert wurdt mooglik útwreide mei Oerisel. Dat soe tritich banen foar Ljouwert opsmite. No docht it hôf de heger beropssaken fan Fryslân, Grinslân en Drinte.

Op oantrunen fan it hôf yn Ljouwert wurdt no in wetsfoarstel makke om it wurk tusken de fiif hôven yn Nederlân better te ferdielen ten geunste fan Ljouwert. De Twadde Keamer moat der noch wol oer beslute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)