VVD: auto-opsinten net ferheegje

© Omrop Fryslân
Ferheging fan de provinsjale wegenbelesting kin net samar, fynt de VVD-steatefraksje. Deputearre Steaten wolle de opsinten ferheegje foar grutte bouprojekten lykas de Heak om Ljouwert. Dat moat inkeld as it wier net oars kin, fynt de VVD.
In oplossing soe wêze om it hieltyd grutter wurdende personielsbestân fan de provinsje ris kritysk te besjen. Ek soene guon saken yn it âlde belied skrast wurde kinne, fynt de VVD.