Doktersûndersyk Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen ûndersiket wêrom't it dreech is om nije hús- en toskedokters oan te lûken. In soad doktoaren yn de gemeenten binne krekt of gean meikoarten mei pinsjoen. It is dreech om jonge ferfangers te finen dy't harren yn de gemeente festigje wolle.
Mooglik komt der in sûnenssintrum yn 'e gemeente. De gemeente oerleit dêroer mei de húsartsen. De gemeente kin dan bygelyks helpe mei it sykjen en de oankeap fan grûn.