Jouster rotonde 'bealchfol wurk'

© Omrop Fryslân
It gewoane plysjewurk op de Jouwer komt yn de knipe troch it grutte tal ûngelokken op de rotonde by it doarp. Dat seit boargemaster Kuiper fan Skarsterlân. Per jier binne dêr mear as fjouwerhûndert oanridings. De Jouster plysje moat dêr faak by helpe. De ûngelokken lizze sa'n grut beslach op de tiid dat Kuiper oantrúnt op in wjerynroching fan it ferkearsplein. Sa moatte de plysjes wer tiid hawwe foar de boargers fan it doarp.