Trio Jochum Bouma wint yn Marsum

13 sep 2004 - 22:36

It partoer Jochum Bouma, Kor Zittema en Teake Triemstra hat sneintemiddei it haadklasse keatsen yn Marsum wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-0 fan it partoer Johannes Dijkstra, Herman Sprik en Arie den Breejen.

De tredde priis wie foar it partoer Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk. Henk Vlietstra moast de wedstriid ferlitte fanwege hertkloppingen. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)