Gjin fúzje Keunstwurk en útlien

© Omrop Fryslân
De fúzje tusken Keunstwurk en de Keunstútlien is fan de baan. Der waard al jierren oer praat, mar de petearen binne no ôfbrûtsen. Beide ynstellingen lizze te fier út elkoar. In fúzje is net mear winsklik.
De provinsje trúnde oan op in fúzje om't Keunstwurk no noch ôfhinklik is fan subsydzjes. By in fiergeande gearwurking soenen de subsydzjes fan Keunstwurk ôfboud wurde kinne om't de Keunstútlien wol goed rint.