Frou fermist yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Sûnt ferline wike woansdei wurdt de 50-jierrige Griet Bosma út Ljouwert fermist. De frou is folslein yn 'e war út de psychiatryske klinyk by it MCL weirûn.
Yn 'e stêd binne ûnderwilens rûnom pamfletten ophongen mei de oprop om út te sjen nei de frou. Frou Bosma wie klaaid in wite badjas. Se hat in read/giel/griene tas by har. Frou Bosma hat driuwend ferlet fan medisinen. Dy't wat wit, kin belje mei 0900-8844.