Graafschap-supporters oppakt

13 sep 2004 - 11:51

De plysje hat sneon op It Hearrenfean in groep fan 30 oanhingers fan fuotbalklub De Graafschap oanholden. De groep wie mei inoar yn in bus nei It Hearrenfean kaam foar de wedstriid Hearrenfean - De Graafschap.

Doe't de Doetichemers in pear oeren foar de wedstriid oer de Koemerk rûnen, sloech de flam ynienen yn de pan en fleagen stuollen en tafels troch de loft. Ien man rekke ferwûne oan 'e holle. De ravaazje wie grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)