Hearrenfean wint fan Graafschap

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean pakte sneontejûn yn it eigen stadion de earste oerwinning fan dit seizoen. Tsjin De Graafschap út Doetinchem waard der mei 2-0 wûn nei in wedstriid wêryn't Hearrenfean better wie mar der net yn slagge doelpunten te meitsjen.
De keeper fan De Graafschap, Rob van Dijk, spile tige goed. Pas yn de einfaze makken Samaras en Yildirum de beide doelpunten.