Koart hurdfytsnijs

12 sep 2004 - 16:29

De achtste etappe fan de Vuelta (de Ronde fan Spanje) wie in tiidrit oer goed 40 kilometer. Pieter Weening einige as 108e, op 5 minuten en 4 sekonden fan de winner Tyler Hamilton. Yn it algemien klassemint sakket er hieltyd fierder. Hy stiet no 116e.

Eelke v.d. Wal fan Holwert hat de 10e en lêste etappe fan de Tour de l'Avenir sneon net útfytst. Om't er net ried foar it klassemint koe er ôfstappe. De tour is wûn troch de Sweed Lövkvist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)