Plan beafeartsintrum Wytmarsum

12 sep 2004 - 14:40

Yn Wytmarsum moat it Menno Simons monumint útgroeie oant in beafeartplak en ynternasjonaal moetingssintrum foar mennisten. De plannen foar sa'n sintrum binne sneon presintearre yn - fansels - Wytmarsum. De mennisten tinke dat it ynternasjonale stúdzjesintrum foar mennisten der oer fiif jier wêze kin.

De mennisten wolle om te begjinnen it 125 jier âlde Menno Simons monumint opknappe. Op in kampke lân njonken it monumint komt in hagepreek-tsjerkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)