FNV-aksjes út ein set
Fakbûn FNV set dizze wike út ein mei ferskate aksjes yn Noard-Nederlân. Doel dêrfan is om safolle mooglik minsken safier te krijen dat se op 2 oktober nei Amsterdam geane foar in grutte staking tsjin it hjoeddeistige kabinetsbelied.
Sneon waard de ôftraap jûn fan de aksjes en dat barde yn Grins. Snein komt de FNV-aksjekaravaan nei Fryslân ta.