Ungelok mei kanon
In 32-jierrige Sleattemer is sneon ferwûne rekke by it ôfstekken fan in kanon op it Frjentsjerter Sjûkelân. De man is lid fan 'e skuttersferiening fan Sleat. It kanon gie troch ûnbekende oarsaak earder ôf as de bedoeling wie.
Dat kaam de man oer it mad. Hy krige troch de klap krûtdieltsjes yn syn each. Hy waard mei lytse brânwûnen oan syn antlit oerbrocht nei it sikehûs.