Skylger strân yn de prizen

12 sep 2004 - 13:01

Skylge en de Sieuske gemeente Veere ha de skjinste strannen fan Nederlân. Dat stelt de stifting 'Nederland Schoon'. De winnende gemeentes krigen freedtemiddei yn Den Haach in 'Gouden Wimpel'. De útrikking fan de prizen fûn plak op de lêste dei fan de 'Week van Nederland Schoon'.

It strân by camping Tsjûkemar by Reahel krige de priis foar it skjinste lytse swietwetterstrân fan Nederlân. Yn totaal waarden 225 strannen beoardield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)