2500 kuierders yn Twizel

12 sep 2004 - 12:33

De Simke Kloostermanrintocht luts sneon mear as 2500 kuierders nei Twizel. De dielnimmers wie frege om harren safolle mooglik yn 'e sfear fan om 1900 hinne te klaaien, want doe wenne Kloosterman yn Twizel. Mar inkelde kuierders diene dat. De namme fan Kloosterman seit de measte kuierders ek net it measte.

Njonken it rinnen koene de dielnimmers genietsje fan koaren, teater en âlde ambachten. Der koe 20 en 40 kilometer rûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)