Utslaggen sealfuotbal

© Omrop Fryslân
It sealfuotbalteam fan Hearrenfean stiet nei twa wedstriden yn de earedivyzje noch mei lege hannen. De debutanten yn de heechste klasse ferlearen freedtejûn de earste thúswedstriid mei 4-1 fan KW Ritmo út Veldhoven. Ferline wike waard út tsjin Hilversum ek mei 4-1 ferlern.
In klasse leger spile it sealfuotbalteam fan Avanti út Stiens freedtejûn yn in spektakulêre wedstriid 5-5 gelyk tsjin Firtina '93 út Soest.