V.d. Wal 83e yn Tour de L'Avenir
Eelke van der Wal fan Holwert waard yn de foarlêste etappe (de njoggende) yn de Tour de l'Avenir 83e. De oerwinning yn dizze drege berchetappe wie foar de Nederlanner Theo Eltink.
Eelke van der Wal kaam goed 17 minuten letter as winner Eltink oer de einstreek. Yn it algemien klassemint stiet Eelke op it 113e plak op mear as in oere fan de lieder, de Kazach Maxim Iglinsky.