Rêde by leech wetter dreech

© Omrop Fryslân
By leech wetter binne rêdingsaksjes foar Waadrinners hast net mooglik. Dat die freed bliken by in grutte oefening. By de oefening moasten 57 waadrinners troch rêdingsboaten en in helikopter fan it Waad helle wurde. Mar de boaten koene by leech wetter de minsken net berikke. Der sit dan neat oars op as wachtsje oant der mear wetter is en de rêdingboaten yn 'e mjitte rinne.
Oan de oefening waard meidien troch KNRM, luchtmacht en waadrinferienings.