Brân yn De Hofwijck

© Omrop Fryslân
Sa'n fyftjin bewenners fan fersoargingshûs De Hofwijck yn Ljouwert binne tongersdeitejûn evakuearre. Dat moast fanwege in fûle brân yn ien fan de keamers. Der binne gjin minsken by ferwûne rekke. De brân ûntstie op in keamer op de earste etaazje.
De Hofwijck is ien fan de fersoargingshuzen fan Palet. De evakuearre bewenners ha de nacht yn ien fan de oare sintra fan Palet of by famylje trochbrocht.