Fytsers skept troch buske

11 sep 2004 - 09:34

Op de Skoatterlânsewei by Hoarnstersweach binne freed twa fytsers slim ferwûne rekke. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fan in bestelbuske de macht oer it stjoer ferlern troch hege snelheid. It buske kaam op it fytspaad telâne en skepte de fytsers.

Ien fan de slachtoffers is mei de traumahelikopter ôffierd nei it AZG yn Grins. De oare fytser is mei de ambulânse oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)