Grou âlder as tocht

10 sep 2004 - 17:16

Grou is folle âlder as oant no ta tocht waard. It wie bekend dat de tsjerke en de terp om 1200 hinne boud binne. Mar argeologysk ûndersyk hat no oantoand dat de terp al omtrint 800 ophege wêze soe.

Einlings is dat noch net iens sa âld foar in terp. Mar foar Grou is it wol opmerklik, want dat leit net yn in streek dêr't terpen gebrûklik wiene. De argeologen soene graach in grutter ûndersyk yn Grou dwaan wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)