Oerfallers oanholden

10 sep 2004 - 16:29

De plysje hat tongersdeitejûn by Lúnbert de trije oerfallers fan in útgeansgelegenheid op it Hearrenfean oppakt. De trije hiene út de klûs fan it bedriuw oan de Oude Koemarkt jild meinaam, en naaiden út mei in auto.

De plysje koe se by Lunbért oanhâlde. In ynwenner fan Ealahuzen en ien fan Ljouwert binne nei ferhoar frijlitten, in Hearrenfeanster sit noch fêst. Yn de auto fûn de plysje it jild werom, en ek wat kokaïne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)