Ekstra stipe foar trije bands

© Omrop Fryslân
Fryske bands moatte mear lanlike bekendheid krije. Om dat te berikken set Friesland Pop meikoarten út ein mei it projekt FreeSonica. Foar it projekt binne trije Fryske bands útkeazen dy't in heal jier lang yntinsyf holpen wurde om troch te brekken.
It giet om Zwart op Wit, In Limbo en Melanocaster. De bands sille in cd opnimme, meie op toernee en krije les yn poadiumpresintaasje en mediatraining.