Nijbou gemeentehûs Grou

10 sep 2004 - 09:49

It gemeentehûs fan Boarnsterhim wurdt foar twa miljoen euro modernisearre. De plannen foar de nijbou yn Grou binne tongersdei bekend makke. It ûntwerp is fan Penta Arsjitekten yn Harns. De nijbou komt op itselde plak as it hjoeddeiske gemeentehûs.

De ried hat earder praat oer nijbou oan de Rykswei en oanpassing fan It Riedshûs. Dy opsjes wienen te djoer. Healwei 2005 kin de bou begjinne. In jier letter moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)