Goedkeape taksy yn Opsterlân

09 sep 2004 - 16:49

Alderein en handikapten yn Opsterlân kinne goedkeaper rezigje. Yn Beetstersweach is woansdei de Plusbus yn gebrûk nommen. It is in taksy dy't mei frijwilligers wurket. Dêrtroch leit de priis foar in rit leger as by in gewoane taksy.

De Plusbus rydt allinne yn Opsterlân. Minsken dy't meiwolle, moatte stiper wêze. Dat kostet 7.50 euro. It buske is betelle mei jild fan de gemeente Opsterlân en in grut tal fûnsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)