Debút De Haan coach Jong Oranje

© Omrop Fryslân
Ald-Hearrenfean trainer Foppe de Haan makke tiisdei syn debút as bûnscoach fan Jong Oranje. Nederlân spile mei 0-0 gelyk tsjin Tsjechië. De wedstriid wie foar Jong Oranje de earste yn de kwalifikaasjerige foar it jeugd-WK.
Trije spilers fan SC Hearrenfean stiene yn de basis fan Jong Oranje. Klaas-Jan Huntelaar, Boy Waterman en Jerrel Wolfgang. Der wienen 10.400 taskôgers yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.