Grinslân noch tsjin gasboarrings

09 sep 2004 - 09:50

De provinsje Grinslân bliuwt tsjin gasboarrings yn de Waadsee. Neffens deputearre Steaten fan dy provinsje binne der foaral op it mêd fan ferpleatsing fan sân troch gaswinning te folle ûnwissichheden.

Dêrtroch bliuwe de gefolgen foar de boaiemfauna yn de Waadsee ûndúdlik. De Grinzer CDA-deputearre Bleker hat dat tiisdei sein. Deputearre Steaten fan Grinslân wykt dêrmei ôf fan it stânpunt fan it kabinet en de provinsje Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)