Oprop: brân in kears foar Beslan

08 sep 2004 - 11:36

Yn neifolging fan Italië is no ek yn Fryslân in oprop dien om in kears te baarnen foar de slachtoffers fan it gizelingsdrama yn it Russyske Beslan. Yn Fryslân docht Lineke Land de oprop om tiisdei (7 sept.) om 21.00 oere in kears te baarnen 'út meilibjen mei de slachtoffers'. Frou Land docht de oprop fia ynternet en de media.

By it gizelingsdrama, dat ek hjir djippe yndruk makke, kamen ferline wike hast 400 minsken om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)