Mear parkearromte yn Klanderij

© Omrop Fryslân
Ljouwert wol mear parkearplakken yn de parkeargaraazje De Klanderij. Troch in ekstra parkearlaach oan te lizzen moatte der 130 ekstra plakken bykomme. It plan kostet 2.5 miljoen euro.
De útwreiding is nedich om't it parkearterrein by de Aldehou minder brûkt wurde kin. Troch de bou fan de nije parkeargaraazje dêr, is it Aldehoustertsjerkhôf fan oktober ôf foar de helte te brûken en in jier letter hielendal net mear.