Opsterlân: bûtengebiet op rioel

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wol 1400 huzen yn it bûtengebiet oanslute op it rioel. Hûndert eigners fan huzen bûtenút krije in eigen ferwurkingssysteem foar fersmoarge wetter. It plan kostet meiinoar 16 miljoen euro en is nedich om de kwaliteit fan it oerflaktewetter te ferbetterjen. Wetterskip Fryslân draacht oardel miljoen euro by.
Fan húseigners wurdt in eigen bydrage frege fan 2500 euro. Boppedat geane ek de rioellesten yn Opsterlân omheech.