Swartrider frijsprutsen
In beruchte swartrider út Snits is tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert frijsprutsen. Hy mocht net mear mei de trein reizgje om't er yn in jier tiid mear as 25 kear sûnder kaartsje yn de trein siet.
De rjochter fûn it treinferbod net jildich. De kondukteur hie syn namme der net opset. De saak waard earder al útsteld om't der wat mis wie mei de papieren.