Begrutting provinsje foar 2005

© Omrop Fryslân
It provinsjebestjoer wol de provinsjale ferkearsbelesting takom jier mei hast seis prosint ferheegje. Dat stiet yn de begrutting foar 2005. De provinsje wol it ekstra jild brûke om it tekoart oan te foljen dat troch de oanlis fan rûnwegen ûntstiet.
Op de begrutting stiet ek in euroton foar ûndersyk nei hoe't gemeenten better en effisjinter wurkje kinne. De provinsje tinkt dit jier mei in posityf saldo fan trije euroton ôf te sluten.