Garânsje nedich foar fergunning

© Omrop Fryslân
Kokkelfiskers krije net langer automatysk in jierlikse fergunning. Dat hat it Europeeske Hôf tiisdei bepaald. Der moat in garânsje wêze dat der net tefolle skea oan it miljeu tabrocht wurdt.
Neffens de Waadferiening hat de útspraak ek gefolgen foar de plannen foar it boarjen nei gas. Ek dêrfoar moat dúdlik wêze dat it net skealik is foar it miljeu. Neffens de Waadklub kin dat net garandearre wurde.