Underhâld húske falt djoerder út

© Omrop Fryslân
It húske op de Langhoekspôle foar wettersporters kostet mear as tocht waard. Fral it skjinmeitsjen en it byhâlden falt djoerder út. Op it eilân yn de Hegemermar hat De Marrekrite it húske as proef delset.
As it in sukses is, komme der mear húskes om foar te kommen dat minsken yn de boskjes pisje. Per húske wurde de ekstra kosten rûsd op inkele tsientûzenen euro's. De proef giet noch ien wettersportseizoen troch.