Zandstra en Hema foar rjochter

© Omrop Fryslân
Zandstra daget de Hema woansdei foar de rjochter. De Hema soe in goedkeape imitaasje fan Zandstra's 'Easyglider' op de merk brocht ha. It redensfabryk hat derfan te lijen. De redens fan de Hema binne goedkeaper, wylst it frame foar 99 prosint gelyk is. It ferskil sit yn de kwaliteit fan de materialen.
In earder fersyk fan Zandstra om de redens net mear te ferkeapjen wiisde de Hema ôf. Fia de rjochter hopet Zandstra op in ferkeapferbod.