Hofstra útskeakele yn Utrecht

© Omrop Fryslân
Darter Rick Hofstra fan Snits is by de World Darts Trophy yn Utrecht net fierder kommen as de earste ronde. Hofstra ferlear kânsleas mei 3-0 yn sets fan Co Stompé, de eardere trambestjoerder út Amsterdam. Stompé moat no yn 'e twadde ronde tsjin Martin Adams út Ingelân.
De World Darts Trophy is ien fan 'e wichtichste darttoernoaien fan Nederlân, dêr't je punten fertsjinje kinne foar de wrâldranglist.