Trije Feanspilers by Jong Oranje

07 sep 2004 - 11:11

Bûnscoach Foppe de Haan hat net twa, mar trije spilers fan SC Hearrenfean by de seleksje fan Jong Oranje helle. Njonken keeper Boy Waterman en spits Klaas-Jan Huntelaar is ek Jerrel Wolfgang by de seleksje helle. Wolfgang spilet by Jong Hearrenfean en is pas freed by de groep helle.

Jong Oranje spilet tiisdeitejûn yn it Abe Lenstrastadion tsjin Jong Tsjechië. It is in kwalifikaasjewedstriid foar it Europeesk Kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)