Slieppiraat dochs oanhâlden

© Omrop Fryslân
De slieppiraat dy't sûnder te beteljen oernachte yn ferskate bêd en brochjes is oanhâlden. It giet om in 45-jierrige man sûnder fêst wenplak. De man is ek yn Fryslân op ferskate plakken útnaaid sûnder te beteljen. Hy die dat ûnder oaren yn Tsjummearum.
De feriening Bêd en brochje stjoerde de leden in warskôging en in foto fan 'e man. De piraat is oanhâlden yn Zutphen. Hy waard herkend nei de útstjoering fan it Tros TV-programma Opgelicht.