Oplossing fûn foar Us Mem

© Omrop Fryslân
It ferneamde stânbyld Us Mem bliuwt de kommende jierren dochs behâlden foar Ljouwert. Twa bedriuwen ha besletten om de ko te adoptearjen en, as dat nedich is, it skjinmeitsjen fan it byld te beteljen. It giet om in makelder en in skjinmakkersbedriuw.
De eigner fan it stânbyld, stifting Us Mem, makke moandeitemoarn bekend dat it byld mooglik út Ljouwert weihelle wurde moat, omdat it stânbyld geregeld beskildere en bespuite wurdt.