Tsjinst yn kleaster Himmelum

© Omrop Fryslân
It Russysk ortodoks kleaster fan Himmelum hâldt kommende tongersdeitejûn in spesjale tsjinst foar de slachtoffers fan de gizeling yn Beslan. Alle tongersdeis wurde der tsjinsten holden, mar dizze kear wurdt spesjaal omtinken jûn oan de minsken dy't ferwûne rekke binne by it gizelings- drama yn de Russyske skoalle.
Kommende sneon is der in kleaster- tsjinst foar de ferstoarnen. Mei-elkoar binne op syn minst 335 minsken omkaam.