Us Mem moat mooglik ferhúzje

06 sep 2004 - 17:04

De stichting Us Mem driget it stânbyld fan de ko Us Mem út Ljouwert wei te heljen. It byld wurdt trije oant fjouwer kear jiers beskildere en alle kearen draait de stichting foar de skjinmakkosten op.

Neffens foarsitter Heeg fan stichting Us Mem moat de gemeente yn elk gefal meibetelje oan it skjinmeitsjen en oars sil nei in oare lokaasje omsjoen wurde. It byld hat yntusken al aardich wat plakjes hân yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)