Demonstraasje rint út 'e hân

06 sep 2004 - 16:52

In demonstraasje fan 'e Ynternasjonale Sosjalisten en de SP is sneontemiddei yn Ljouwert út 'e hân rûn. In groep fan sa'n santich Cambuur-supporters foel de betogers oan en sloech de demonstranten mei de protestboerden dy't se by har hiene. De linkse groepen woene demonstrearje tsjin de Nationale Alliantie, dy't moarns demonstrearde tsjin 'multykultureel geweld'.

De plysje helle fuotbalsupporters en demonstranten mei muoite útinoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)