Trio Berkepas wint yn Penjum

06 sep 2004 - 13:34

Yn Penjum waard snein it haadklasse- keatsen by de manlju wûn troch it partoer fan Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf. Yn de finale wûnen se mei 5-4 en 6-2 fan Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Klaas Berkepas waard ta kening útroppen.

De lytse preemje wie foar Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar. Sy ferlearen yn de heale finale fan Berkepas c.s.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)