Gemeente wol soepeler regels

06 sep 2004 - 13:18

It giet net goed mei it útjaan fan bedriuweterreinen yn Achtkarspelen. De ferkeap fan grûn oan ûndernimmers smiet ferline jier mar 350.000 euro op. Yn 2002 wie dat noch fiif ton mear.

It kolleezje fan B&W makket him benammen soargen oer de ferkeap fan grûn op de Swadde yn Bûtenpost. Yn Surhústerfean giet de ferkeap nei wat planologyske problemen, wol goed. B&W wolle no yn Bûtenpost wat soepeler omgean mei de regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)