Kofjeshop yn Ljouwert útbaarnd

06 sep 2004 - 12:25

In kofjeshop oan de Korfmakerstrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn ferlern gien by in útslaande brân. It fjoer begûn om in oere as healwei fjouweren oan de bûtenkant fan it pân.

Nei alle gedachten is de brân ûntstien troch brânstichting of troch problemen mei de elektrisiteitskast. Yn it pân wiene doe gjin minsken oanwêzich. De skea oan de neistlizzende pannen is beheind bleaun. De kofjeshop sels baarnde foar it grutste part út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)