'Mata Hari net yn nij museum'

06 sep 2004 - 12:01

Mata Hari is gjin kultuerdrager, mar in attraksje, en heart dêrom net thús yn it nije Frysk Museum. Dat seit direkteur Cees van't Veen fan dat museum. It Frysk Museum is op dit stuit eigner fan 'e grutste en iennichste Mata Hari kolleksje op 'e wrâld.

Mar de wrâldferneamde Ljouwerter dûnseres en spionne út 'e Earste Wrâldoarloch sil net meiferhúzje nei it nije ûnderkommen oan it Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)