De Jouwer wint fan Rohda Raalte

06 sep 2004 - 11:05

Haadklasser De Jouwer wûn snein ek de twadde kompetysjewedstriid. Op eigen fjild wiene de Jousters mei 2 - 0 te sterk foar Rohda Raalte. Beide doelpunten foelen út in penalty. Johnny Dölle wie de skerprjochter foar de Jousters.

Opfallend is dat de Jouwer noch gjin goal tsjin hat yn dizze kompetysje. Dat wie ferline jier wol oars, doe't de ploech fan Bert Hollander noch wolris wat nayf spylje woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)