'Hooligans ha neat mei Cambuur'

© Omrop Fryslân
De groep dy't sneon de demonstraasje tsjin it rasisme fersteurde en linkse demonstranten sloech, hat neat mei Cambuur út te stean. Dat seit direkteur Merkes fan de klup yn in reaksje.
De groep rôp Leeuwarden Hooligans en MI side doe't se de demonstranten lestich foelen. Merkes tinkt dat it giet om minsken dy't by Cambuur sels al lang in stadionferbod ha. Cambuur noeget de demonstranten dy't klappen krigen om ris as gast in wedstriid by te wenjen.