Fjochtpartij op stasjon H'fean

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn op it Hearrenfean twa ynwenners fan it Hearrenfean (20 en 27 jier) oanhâlden fanwege in fjochtpartij op it stasjon. De manlju krigen op it stasjon spul mei in oare Feanster (22). Hy waard troch it duo oan syn klean lutsen en slein. It slachtoffer krige nei alle gedachten ek klappen mei in bierfleske.
De plysje hat de twa arrestanten fêsthâlden foar fierder ûndersyk yn dizze saak.